Overslaan en naar de inhoud gaan

Jabikskrúswoartel bliuwt de mieningen ferdielen: gefaar foar fee of winst foar natuer?

Gepubliceerd: 22 juni 2026

De provinsje Fryslân giet dit jier wer de striid oan mei de jabikskrúswoartel, mar net op alle plakken. Want dêr’t feehâlders warskôgje foar de gefolgen fan de plant foar fee, wize ekologen op it belang fan de plant foar it bioferskaat.

Jabikskrúswoartel is in wylde, twajierrige plant dy’t it bêste groeit op iepen plakken mei in soad sinne. De bloeitiid rint fan healwei juny oant oktober.

Jabikskrúswoartel

De siedsjes fan de jabikskrúswoartel (yn it Nederlânsk jakobskruiskruid) ferspriede har maklik troch de loft en dêrtroch bedarret de plant op it boerelân. Boere-organisaasjes warskôgje al jierren foar de risiko’s dy’t dat opsmite soene. De plant is skealik foar fee. Kij en hynders mije it krûd yn it lân, omdat er bitter smakket. Hoewol’t hynders en kij de plant net ite, wurdt dat oars as de jabikskrúswoartel yn ynkuild gers en hea telâne komt. De plant ferliest dan dy bittere smaak, wêrtroch’t bisten it net mear werkenne. Wat mear oft se der fan frette, wat grutter oft it risiko wurdt dat der ûnwerstelbere skea ûntstiet oan de lever. Dêrtroch kin in bist úeinlik deagean.

Bioferskaat

Boeren en organisaasjes lykas LTO roppe dêrom al jierren op de plant stranger te bestriden. Mar ekologen en biologen wize just op de grutte wearde fan de plant foar it bioferskaat.

Foardat grutte bisten hjir siik fan wurde, moatte se der echt kilo’s fan frette. Dat bart gewoan net sa gau.
Biolooch Casper van der Kooi

De jabikskrúswoartel jout nektar en de plant foarmet in wichtich fuortplantingsplak foar 150 soarten ynsekten. Dêrom bliuwt de plant stean op plakken dêr’t er gjin problemen foar fee feroarsaket.

Bermbehear

Op plakken dêr’t dy problemen wol feroarsake wurde, besiket de provinsje de plant oan te pakken. Dat bart benammen troch te meanen, seit Hendrik Talsma fan de provinsje Fryslân. “Wy dogge oan ekologysk bermbehear, dus we meane sa min as mooglik. Op lokaasjes dêr’t de plant in gefaar foarmje kin, meane we sa’n trije kear yn it jier.” De provinsje lûkt yntusken jild út foar ûndersyk nei nije wizen om de plant te bestriden. Ferline jier is in provinsjale proef úteinseit dêr’t de jabikskrúswoartel by elektrokutearre wurdt. It idee is dat de plant dan deagiet en net weromkomt. By it tradisjonele meanen fan de berm bart dat wol.

8.000 folt

Dizze proef rint yn in berm by de N381 del, yn ‘e buert fan Easterwâlde. In grutte trekker rydt dêr troch de berm mei in grut, elektrysk apparaat oan in earm. “It apparaat jaget 8.000 folt troch de plant hinne”, leit Talsma út. “De stroom giet troch de stâle nei de woartel ta. Dan stjert de plant úteinlik ôf en it idee is dat er dan net weromkomt.”

Dizze trekker fiert de proef út© Omrop Fryslân

Hoewol’t er dêr offisjeel noch net folle oer sizze kin, sjocht Talsma dat de metoade wurket.
“We binne no healwei de proef en op it sicht sjogge we hjir minder jabikskrúswoartel as ferline jier. Ein fan dit jier sille we de proef evaluearje, dan witte we ek mear.”

Gjin betroubere sifers

Elke pear jier komt de rop om ferdylging fan de plant wer op. Dêr wurdt dan faak by wiisd op it gefaar foar fee. Dochs binne der gjin betroubere sifers oer it tal bisten dat alle jierren deagiet trochdat se te folle jabikskrúswoartel hân hawwe. Dat komt trochdat it dreech fêst te stellen is oft in bist no echt fergiftige is troch jabikskrúswoartel of dat de skea oan de lever ûntstien is troch wat oars, lykas skimmel yn it hea.

Jabikskrúswoartel by it boerelân fan Vegelinsoard© Omrop Fryslân, Sian Wierda

Dêrnjonken wurdt yn Nederlân net byhâlden oft bisten deagien binne troch it iten fan giftige planten.

‘Oerdreaun’

Neffens biolooch Casper van der Kooi fan Rijksuniversiteit Groningen wurdt de opskuor oer de plant dan ek flink oerdreaun. “Foardat grutte bisten hjir siik fan wurde, moatte se der echt kilo’s fan frette”, lei er earder út. “Dat bart gewoan net sa gau.”

Omjouwingsferoardering

De provinsje Fryslân is de iennichste yn Nederlân dy’t in spesjale ‘jakobskruiskruidverordening’ hat. Dizze is sûnt 2007 fan krêft en ferplicht grûneigeners om de plant fuort te heljen as it risiko bestiet dat de plant iten wurdt troch fee, of yn feefoer bedarje kin. Deputearre Matthijs de Vries sjocht de bestriding dan ek as provinsjale taak. “It stiet yn dy feroardering en dus moatte we dêr útfiering oan jaan. We dogge dat net troch de hiele provinsje, mar allinnich op plakken dêr’t de plant in gefaar opsmite kin.”

https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/18431907/mieningen-oer-jabikskruswoartel-rinne-utein-gefaar-foar-fee-of-winst-foar-natuer